Fan arbeiders oant koks
Brea wie yn de tiid fan oerpake Hendrik ienfâldige kost. Arbeiders ieten it omdat wite bôle te djoer wie. Doe't sosjalistenlieder Pieter Jelles Troelstra de sel yn moast om't er yn de Hogerhússaak it Hôf mei sin misledige hie, kaam de minister spesjaal tuskenbeide om foar him brea op it menu te krijen.
Dat is feroare. Brea yn syn nije kwaliteit soarget foar de basis fan de bettere snacks. It smakket hearlik yn kombinaasje mei in hjerrinkje, pittige âlde tsiis, in lekkere salade. Van Dijk bakt der spesjaal snackrûntsjes foar dy't der, yn in trochsichtige buisferpakking, hiel oantreklik útsjogge. Allinne koene de koks, benammen yn Fryslân, noch wol wat mear harren fantasy brûke.
Om in nije generaasje oan te sprekken, hat Geert junior in nije fariant ûntwikkele. Dat is brea mei rezinen en appeltsjes, dy't yn'e fierte wol tinken docht oan lekkere müslibôle. It is fêst hiel sûn en goed foar de spiisfertarring.
Kulinêr erfguod
Fan Jan en Jel Sytema is bekend dat se lytse besikers traktearren op 'in heaberchje'. Dat wie yn Eastermar, tusken de beide wrâldkrigen. Sa'n heaberchje bestie út in grou stik mei de hân snien brea mei bakte jirpeltsjes mei stikjes sipel dertroch. As der dan ek noch wat piper tafoege waard, dan hiene se in wier keningsmiel. Bern, dy't by harren oer de flier kamen, hawwe it der noch oer.
Hiel wat húshâldens hawwe sa harren herinneringen oan brea, mei of sûnder boerebûter, tsiis of wat hiel oars as echte Fryske keukensjerp mei de Fryske flage op it deksel. It smakket ek poerbêst mei in radyske. En mei aai! Foarhinne wie in stikje brea mei ljipaai in traktaasje, dêr't in gebakje net tsjin op koe. De ljip moat men der no sels mar by tinke as it aaike út it hinnehok komt.
Sa heart brea by ús kulinêre erfguod. It is sa Frysk as it mar kin en oant fier yn Dútslân populêr. It wurdt yn alle rêst alle dagen op'nij bakt yn Sint Johannesga. Want dêr wennet Van Dijk. Al 100 of 101 jier of dêromhinne.