Van Dijk.. de lekkerste
Hûndert jier bestiet de bakkerij fan Van Dijk yn Sint Johannesga yn 2013. Of is it 101 jier. Hawar, it wichtichste is dat klanten it brea tige wurdearje.
Út in bliksemenkête by samar wat supermerken docht bliken dat Van Dijk fan de grutte merken it lekkerste brea leveret. It is wat mylder en smaakliker as dat fan de grutte konkurrint. En it bliuwt langer goed.
It geheim? 'It moat syn tiid ha', seit Geert van Dijk junior, dy't as lyts bern al oan it bakken slacht.
Moarns om trije oere is hy al warber. En de hiele dei troch stiet it brea te rypjen en te riizjen en wurdt it wiidweidich op in frij lege temperatuer bakt.
It brea dat yn t it bekende giele pakje sit, bliuwt achttjin oeren yn de ûne. 'Lang is Lekker', woe in advertinsjeadviseur al op de auto fan Van Dijk skilderje litte. Mar dat fûnen de froulju Van Dijk wat te dûbelsinnich..